Tjitze Annes Zwierstra ~1925 - 1942
Tjitze Zwierstra mei syn frou Maaike yn'e roef fan'e "Oerâl Thûs".
Tjitze ZWIERSTRA, brânjehanneler yn Poppenwier hat lang skipper west op 'e "Twa Famkes". Hy is berne yn Poppenwier op tiisdei 28 maart 1872. Syn heit wie Anne Jans ZWIERSTRA (1820-1907), skipper yn Poppenwier en syn mem wie Antje Sijdzes FEENSTRA (1832-1887) dochter fan in lânarbeider yn Poppenwier.
Tjitze wie yn Raard trouwt op tongerstdei 29 maeie 1902, (ien dei nei't er 30 jier wurden wie) mei Maaike Tjipkes de VRIES, tsjinstfaam yn Poppenwier. Maaike is berne yn Mantgum op tiisdei 6 febrewaris 1872. Har âlders wiene Tjipke Sjoerds de VRIES, arbeider yn Wiuwert (1841-1926) en Sijtske Martens BOSMA (1844-1931). Tafallich trouwde ek Gerrit Hantjes Rijpkema, de earste eigenaar fan de "Twa Famkes", op tongersdei 29 maeie 1902. Dat wie lykwols yn in oare gemeente, nl. Utingeradiel.
Tjitze en Maaike krigen rûm 9 moanne nei harren troudei in dochter, berne op tongersdei 5 maart 1903. De dochter waard ferneamd nei har beppe, Sijtske Martens Bosma, Sijtske dus. Sijtske bleau iennichst bern.
Tjitze die al frij betiid mei oan de nije moade onder de skippers. Hy liet yn 1905 in izeren skûtsje bouwe by "de Onderneming" fan Tjibbele Ates van der WERFF. Dit skûtsje joech er de namme "Hoop op Zegen". Hy liet it skûtsje mjitte op freed 25 augustus 1905 yn Snits. De "Hoop op Zegen" wie 13,25 mt. lang, 3 mt. koarter dan de " Twa Famkes" ( 16,26) mt.) Ek it laadfermogen fan de "Hoop op Zegen" wie nochal wat minder (17,195 ton) dan dat fan de "Twa Famkes" (32.718 ton). Dit is in ferskil fan 15 en in heale ton. Dochs wie de maat fan de "Hoop op zegen" foar dy tiid frij normaal. It wie it greatste skûtsje dat van der WERFF yn 1905 bouwde.
Wanneer Tjitze de "Hoop op Zegen" ferkocht hat of ynruile foar de "Twa Famkes" is net krekt te achterheljen. We moatte dan ôfgean op âlde foto's fan Poppenwier.
Ansichtkaart, Poppenwier. Foto naam tusken 1923 en 1926.
Bygelyks de âlde aansichtkaart mei derop de "Twa Famkes" by de klapbrêge yn Poppenwier. Op de foto is dúdlik te sjen dat it hjir giet om in houten klapbrêge. Dizze waard yn 1926 ferfong troch in izeren klapbrêge.
Brugt BERGSMA sylde op snein 5 september 1920 nog in wedstriid mei de "Twa Famkes". Earne tusken 1920 en 1926 wiksele de "Twa Famkes" dus fan eigenaar. It is mooglik dat Tjitze en Brugt ferruilen fan skip. Der is in foto fan it fearskip fan Brugt Bergsma. It falt op dat dit fearskip in soad liket op de "Hoop op Zegen". As dat sa is, dan is it wol hiel tafallich dat de "Hoop op Zegen" anno 2009 noch hieltyd op itselde plak yn Terherne leit wer't de Bergsma's hun bedriuw hiene. Tjitze neamde syn neie skûtsje "Oerâl Thûs". De referinsje nei twa dochters ("Twa Famkes") wie misskyn te pynlik foar Tjitze en syn frou Maaike. Sy hiene ommers mar ien dochter.
Yn 1932 liet Tjitze syn skip opnij opmjitte, sjoch de mjitbrief opmakke tongersdei 28 juli 1932. It laadfermogen waard fêststeld op 29,211 ton. It skip lei no foar djipper en de riiswarring wie ferlege, teminsten neffens de mjit gegevens. Yn dizze krisisjierren binne in soad skûtsjes opnij mjitten. De reden wie werskynlik twadderlei. Yn 1927 wie der in nije wet kaam. Derby wie bepaald dat alle skippen, mei mjittingen fan foar 1927, binnen 5 jier opnij mjitten moasten wurde. Der nest wiene sommige tariven sa as brêge- en slûsjild, ôfhinkelik fan it tonnage. It falt op dat der in soad skûtsjes binne dy't by it opnij opmjitten ynienen onder de 30 ton útkamen.
De "Oerâl Thûs" onder seil, 1932.
Fotografysk wie 1932 in goed jier. Der is nammentlik in prachtige foto fan de "Oerâl Thûs" dy't heechst wierskynlik makke is yn 1932. Ut de foto blykt nammentlik dat de nije mjitting al op it nammeboerd stiet. Heechst wierskynlik stiet Sijtske ZWIERSTRA foar by de fok. Sijtske ZWIERSTRA rekke wei op tongersdei 20 april 1933. Dit wie in grutte trageedzje foar Tjitze en Maaike.
De "Fen Fryske Groun" publisearre op freed 30 desimber 1932 in foto fan de (izeren) klapbrêge yn Poppenwier wer't ek de "Oerâl Thûs" fan Tjitze ZWIERSTRA op stiet.
Yn 1942 set Tjitze syn brânjehannel en syn skip te keap. Neffens oerlevering waard it skip yn Poppenwier ek wol "Altiid Thûs" neamd. Dit wie omdat Tjitze net folle reiskes mear mei de "Oerâl Thûs" makke. Tjitze en Maaike hiene al dy tiid oan board fan de "Oerâl Thûs" wenne. Uteindelik wennen se yn it lytse hûske by de brêge, dat ek op de âlde aansichtkaart stiet. It hûs wie fan Tjitze syn snoarske Klaaske ZWIERSTRA-FABER (1876-1945). Mûglik ha se fan 1942 oan't it weireitsjen fan Klaaske by har ynwenne. Mar, nettsjinsteande dat Tjitze yn 1942 al 70 jier wie, koe hy noch net rintenierje. Der wie doe noch gjin AOW. Tjitze waard brêgewipper op 'e brêge fan Poppenwier. Dat baantsje naam hy oer fan syn snoarske Klaaske nei har dea. Ek holp hy har skoansoan Jacob POSTMA yn 'e haaiinge. Doe't Tjitze yn 1955 ferstoar sette Jacob POSTMA in rou advertinsje ut namme fan de hiele famylje. Syn frou Antje ZWIERSTRA krige o.a. de prachtige foto's dy't op dizze website stean.