Alles oer it skûtsje "Twa Famkes"

Dizze website giet oer de skiednis en de aktuele wedstriid prestaasjes fan it skûtsje "Twa Famkes".
De "Twa Famkes" is om en by 100 jier âld en hat al hiel wat meimakke.

Skiednis

Gerrit Hantjes RIJPKEMA hat it skip bouwe litten by "de Onderneming" fan Tjibbele Ates van der WERFF yn Wergea. Hy neamde it skip "Twâ Famkes". Hy hie nammentlik twa dochters, Fettje en Wiegertje. Dat wie yn 1912. Tidens de bouw fan it skip roun de Titanic op in iisberg en fergong.

Fia Brugt Harmens BERGSMA krige brânjehanneler Tjitze ZWIERSTRA út Poppenwier it skip yn hannen. Tjitze hie mar ien dochter en derom neamde hy it skip "Oerâl Thûs". Tjitze fielde him thús yn Poppenwier en der joegen se it skip de namme "Altyd Thús".

Yn 1954 bouwde Pieter DRAAYER de "Oerâl Thûs" om ta in wenskip en it lei doe yn Amsterdam. De fryske namme "Oerâl Thûs" waard doe "Overal Thuis". Earst lei it skip yn de Eilandsgracht, mar letter kaam it oan de Jacob van Lennepkade te lizzen.
Staal krimpt net troch âlderdom, mar dochs waard de "Overal Thuis" te lyts. Yn 1996 waard it skip dan ek ferkocht foar de sloop.

Aktueel

Gelokkich is dy sloop net troch gien. De Sijperda's krigen it skip yn hannen en sy lieten it casco yn'e âlde staat werom bringe. Yn 1999 hat Pieter Jansma it skip kocht en doe krige it syn âlde namme "Twa Famkes" werom. Pieter hat it skip wer sylklear makke foar it skûtsjesilen by de IFKS.
Nei jierrenlang rêst hawn te ha yn de Amsterdamse grêften, krige de "Twa Famkes" yn maeie 2001 foar it earst wer "it brûs foar de kop".